Gjin jachtferbod yn Fryslân

09 jan 2009 - 15:16

Der komt foarearst gjin jachtferbod yn Fryslân. Dat seit de provinsje. Yn Noard-Brabân, Limburch en Utrecht mei de kommende tiid net jage wurde op wyldwetterfûgels. De oanhâldende kjeld is de oanlieding fan dat beslút.

Yn Fryslân wurdt in jachtferbod pas fan krêft wurdt by sniefal en wannear't it tsien dagen strang friest. Neffens in wurdfierder fan de provinsje wurdt der no net in soad jage. De Jagersferiening ropt de leden op om weromhâldend te wêzen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)