Gjin intingen by tongblier

31 mrt 2003 - 00:00

Fee wurdt dochs ôfmakke by in nije útbraak fan tongblier. Dat stiet yn de Europeeske regels foar de bestriding fan tongblier.

De aksjegroep Ent Europa hat de nije regels bestudearre. Eardere tasizzings oer it intsjen fan it fee wurde net neilibbe. It komitee dat in heal miljoen hantekens tsjin it romjen sammele, leit him net del by de nije regels. De leden wolle mei in brief op 'e nij omtinken foar de saak freegje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)