Gjin IJsselcup yn Deventer

18 sep 2014 - 10:14
  • Reedriden

De tradisjonele iepeningswedstryd fan it reedrydseizoen, de IJsselcup yn Deventer, giet dit jier net troch. De organisaasje hat de stekker der útlutsen. Der binne ferskate redenen foar it skrassen fan it evenemint. De organisaasje is teloarsteld yn de KNSB.

By it fêststellen fan de reedrydaginda is de maraton net takend oan Deventer. De massastart dy't as kwalifikaasje foar de wrâldbeker yn Obihiro riden wurde soe, mocht wol yn Deventer riden wurde, mar it reedrydbûn hat yntusken bekend makke dat ek dat net trochgiet.

Ek is der tusken de KNSB en de organisaasje ûnienichheid oer de tiden wannear't de wedstriden riden wurde moatte. De IJsselcup soe op 18 en 19 oktober hâlden wurde. Yn dit wykein wurdt yn Deventer troch de baankommisje wol de Holland Cup hâlden. Dit toernoai jildt as kwalifikaasje foar de NK-ôfstannen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)