Gjin Hyves foar MCL-personiel

08 des 2009 - 15:51

It ferplegend personiel fan sikehûs MCL Ljouwert is yn oanfarring kommen mei de direksje. Dy hat ferbean dat se yn noch langer fia de populêre ynternet-site Hyves mei freonen en kennissen kontakt sykje.

De ynternet-site Hyves is benammen by jongerein tige populêr om mei-elkoar te kommunisearjen. Ek it ferplegend persoaniel fan MCL siket yn de nachtlike oeren fia Hyves kontakt mei de wrâld bûten it sikehûs. De direksje hat de ynternet-site no blokkearre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)