Gjin Huntelaarpriis Kollum

20 des 2013 - 16:43
  • v.v. Kollum nimt it op tsjin OSC út Oosterhout

Fuotbalferiening Kollum is der hjoed krekt net yn slagge om de haadpriis fan 18.750 euro fan de Klaas-Jan Huntelaar Foundation te winnen. De Kollumers krigen hast 15.000 stimmen, mar kamen op de falreep 314 stimmen tekoart om te winnen fan grutte konkurrint OSC út Oosterhout by Nijmegen.

Fuotbalferiening Kollum hie it jild brûke wold foar twa klaaiboksen foar de froulju en famkes. Nettsjinsteande it ferlies is de klup grutsk op de prestaasje en alle aksjes fan de frijwilligers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)