Gjin help mear foar wurkleazen

21 feb 2012 - 19:27

De gemeente Súdwest-Fryslân besuniget foars op de help oan minsken sûnder baan. Sa'n 350 wurkleazen krije dy help aanst hielendal net mear omdat it tefolle muoite en jild kostet om se nei wurk te begelieden.

Wol moatte se twongen as frijwilliger oan it wurk. Dat hat it kolleezje fan boargemaster en wethâlders besletten. Troch ryksbesunigings hat de gemeente dit jier folle minder jild te besteegjen as ferline jier; it budzjet foar dit soart saken giet werom fan 6,4 miljoen euro nei 4,2 miljoen euro en it tal minsken sûnder baan nimt ta.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)