Gjin help by dûbele wenlesten

29 sep 2009 - 22:23
  • Ljouwert wol minsken mei dûbele wenlesten net helpe

De gemeente Ljouwert komt de hûzebesitters mei dûbele wenlesten troch de kredytkrisis net temjitte. De VVD hie de gemeente dêr wol om frege. Neffens de partij sitte hieltyd mear gesinnen mei in net ferkochte wente yn 'e mage.

De VVD wol dat dizze minsken allinne OZB en lokale belesting betelje foar it hûs dêr't se no yn wenje. De te keap steande, lege wente soe tydlik frijsteld wurde moatte fan heffings. Mar de gemeente wol dêr net oan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)