Gjin hegere straf mishanneling

08 jul 2011 - 14:30

In man út Harns krijt gjin hegere straf foar it mishanneljen fan in plysjefrou. Dat hat it gerjochtshôf yn Ljouwert freed bepaald. De man krige ferline jier in selstraf fan trije jier oplein. It iepenbier ministearje gie tsjin dy útspraak yn berop en easke in finzenisstraf fan seis jier.

It gerjochtshôf fynt lykwols dat de man sa gau mooglik behannele wurde moat en hâldt dêrom fêst oan de koarte straf. De man hat sels ek oanjûn behannele wurde te wollen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)