Gjin hegere skeafergoeding

17 jul 2014 - 15:53

De gemeente Smellingerlân hoecht fan de rjochter gjin hegere skeafergoeding te beteljen oan in grienteboer yn Drachten. De grienteboer hie minder omset troch it ferdwinen fan parkeargelegenheid en it ynstellen fan ienrjochtsferkear foar syn saak. Dat wie nedich by de oanlis fan de parkeargaraazje en de nijbou fan it Riedhúsplein.

Neffens de rjochter hat de grientesaak altyd berikber west en is de skea foar in part foar eigen rekken omdat der sprake is fan ûndernimmersrisiko. De gemeente hie de ûndernimmer goed 9.000 euro fergoeding takend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)