Gjin heger berop yn moardsaak Miranda Olivier

03 feb 2015 - 11:15

Der komt gjin heger berop yn de saak Miranda Olivier. De 38-jierrige frou waard ferline jier juny yn har wenning yn Ljouwert mei in mes om it libben brocht troch har eks-freon. Hy krige dêrfoar sân jier selstraf. De famylje fan Olivier wie teloarsteld oer dizze útspraak. Se hienen benammen soargen oer it feit dat de 45-jierrige man gjin behanneling krijt foar syn alkoholferslaving en persoanlikheidsstoarnis. Mar it Iepenbier Ministearje leit 'm del by de útspraak.

Op de dei fan de moard hawwe se thús kokaïne brûkt en in soad alkohol dronken yn de stêd. Werom yn it hûs fan Olivier krigen se rûzje. De fertochte stuts it slachtoffer mei in mes fan achteren del. Doe't er seach dat se dea wie, rekke er yn panyk en besocht er himsels tekoart te dwaan. Dat mislearre, wêrnei''t de fertochte njonken it slachtoffer lizzen gie.

Der waard sân jier sel en tbs mei twangferpleging easke. De rjochter lei lykwols gjin tbs op, want neffens de rjochter is de kâns hiel lyts dat er wer de fout yn giet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)