Gjin heger berop straf skipper

14 okt 2014 - 14:23
  • It ûngelok op it PM kanaal

It Iepenbier Ministearje tekenet gjin heger berop oan tsjin de straf dy't de 42-jierrige skipper fan it ûngelok op it Prinses Margrietkanaal by Grou ferline wike krige. De rjochter joech in wurkstraf fan 120 oeren ûnder betingst. It Iepenbier Ministearje hie 100 oeren wurkstraf easke en nochris 70 ûnder betingst, mar leit him nei it bestudearjen fan de útspraak no del by de legere straf.

By it ûngelok kamen in 64-jierrige frou en har 67-jierrige man út Lottum om it libben. De skipper fear mei syn frachtskip oer de kruser fan it stel hinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)