Gjin heger berop Sintrale As

29 aug 2013 - 20:56

De Stichting Better As giet net yn heger berop tsjin de útspraak fan de rjochtbank dat it trasee fan de nije dyk tusken Dokkum en de Wâldwei net wer op de aginda fan provinsjale steaten hoecht te kommen. Better As hie in alternatyf foar de sintrale as betocht, en woe dat dat bepraat wurde soe troch de provinsje. Mar de rjochter fûn dat net nedich, omdat de plannen net hielendal nij binne, it giet om wat wizigings dy't Better As foar eagen hat.

De stichting leit him del by de útspraak, mar hat noch wol in brief stjoerd nei alle steateleden om de stânpunten nochris ûnder de oandacht te krijen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)