Gjin heger berop saak Kelders

21 okt 2014 - 21:58

It Iepenbier Ministearje giet net yn heger berop tsjin de frijspraak fan de 39-jierrige man, dy't de brân op de Kelders yn Ljouwert feroarsake hawwe soe. It IM easke earder seis moanne finzenisstraf, om't de brân troch de man syn gaskachel ûntstien wêze soe.

De rjochtbank fynt lykwols dat skuld net bewiisd wurde kin en joech yn it fonnis fan 7 oktober in wiidweidige motivaasje foar frijspraak. It IM ferwachtet dat in hegere rjochter ta deselde útspraak komt. Fierder tinkt it IM dat fierder ûndersyk gjin nije feiten opleverje sil.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)