Gjin heger berop saak Eastrum

09 jun 2011 - 10:53

It Iepenbier Ministearje giet net yn heger berop tsjin de frijspraak fan in 39-jierrige man út Grins. De man waard earder feroardield foar it ferkrêftsjen yn 2006 fan in doe 13-jierrich famke by Eastrum. Hy gie tsjin dy straf yn berop en waard doe frijsprutsen.

Neffens it Iepenbier Ministearje is der genôch bewiis tsjin de man, mar sil dat yn in nije behanneling net oars beoardield wurde as no it gefal is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)