Gjin heger berop oer Thialf

21 mrt 2014 - 11:50
  • Sa sjocht Thialf derút nei de fernijbou

Boubedriuwen Jorritsma en Dijkstra Draisma lizze harren del by de útspraak fan de rjochter oer de bou fan in fernijd Thialf. De rjochter bepaalde woansdei dat de oanbestegingsproseduere foar de bou goed gien is en dat boubedriuw Ballast Nedam as terjochte winner út de bus kaam is.

Jorritsma en Dijkstra Draisma sizze mingde gefoelens te hawwen by it beslút fan de rjochter, mar dêr net tsjin yn berop te gean. Sy winskje Ballast Nedam yn in ferklearring súkses mei de realisaasje fan it wurk en sille sels op syk nei oare bouprojekten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)