Gjin hege silo op 'e Lemmer

05 maaie 2004 - 00:00

De bou fan in tritich meter hege hal troch silobouwer Polem op it yndustryterrein oan it strân fan De Lemmer liket fan de baan. It kolleezje fan Boargemaster en Wethâlders advisearret de gemeenteried net akkoart te gean mei it foarstel fan Polem sa't dat no yntsjinne is.

Allinnich PvdA-wethâlder Visser naam yn it kolleezje in minderheidsstânpunt yn. Hy wol de hege hal wol tastean om't dy foar wurkgelegenheid soargje soe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)