Gjin hânrem: auto yn it wetter

16 okt 2014 - 14:45

In auto is tongersdeitemoarn op de Lorentzkade yn Ljouwert yn it wetter rekke. De bestjoerster wie ferjitten om de auto op de hânrem te setten. De frou wie oan it wurk, doe't se te hearren krige dat har auto yn it wetter lei.

Helptsjinsten hawwe de auto út it wetter helle. Derby waard ek in dûker ynsetten. De auto rekke folslein fernield.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)