Gjin grypepidemy yn Fryslân

11 des 2003 - 00:00

De gryp dêr't ek Friezen lêst fan ha, is in gewoane wintergryp. Dat seit GGD Fryslân. De measte sike minsken binne slim ferkâlden en ha gjin influenza, de echte gryp. Yn de rest fan Nederlân hearsket wol in grypgolf.

It firus is dit jier oars as oare jierren om't der in saneamde fujin-stam yn sit. De grypprik beskermt dêr net tsjin. Neffens de GGD is der gjin reden foar panyk. Kwetsbere minsken wurde yn de gaten hâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)