'Gjin grutte skermen foar WK'

30 apr 2014 - 21:33

Grutte skermen binne yn de gemeente De Fryske Marren by it kommende WK net wolkom op de doarpspleinen. Alteast net yn it begjin fan it toernoai. Pas fan de kwartfinale ôf meie de wedstriden op grutte skermen te sjen wêze. Dat hat de gemeente witte litten.

De maatregels moatte problemen foarkomme mei oare festiviteiten sa as doarpsfeesten. In grut skerm lûkt in soad ekstra minsken en om problemen mei ûnder oare it ferkear foar te kommen wol de gemeente it oantal WK-feestjes beheine.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)