Gjin grutte skea oan feandiken

21 aug 2013 - 16:17
  • In meiwurker fan it wetterskip kontrolearret in feankade

De droechte fan de ôfrûne wiken leveret gjin ekstra swierrichheden op oan feandiken en wâlskanten yn it súdwesten fan de provinsje. Dat docht bliken út de ynspeksje fan Wetterskip Fryslân, dy't sa'n 1600 kilometer oan diken beseach. Op inkelde plakken binne lytse droechteskuorkes konstatearre, mar it wetterskip fûn gjin grutte beskeadigings dy't foar problemen soargje kinne. In útsûndering is de dyk by de Fûgelhoeke by de Galamadammen. Dêr binne gruttere skuorren fûn. It wetterskip sil hjir de kommende tiid ekstra monitoarje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)