Gjin grutte klok yn Dronryp

28 mrt 2011 - 17:00
  • De Rypster Salviustsjerke
  • De klok dêr't it om giet

De grutte tsjerkeklok yn de Salviustsjerke yn Dronryp wurdt fanwege de feilichheid net mear let. Nei de Twadde Wrâldoarloch wurdt de klok let mei in fallende bingel wêrtroch't de klok bot skansearre is.

Ut ûndersyk hat bliken dien dat de klok yn strieminne steat is en brekke kin. Undersocht wurdt oft de klok reparearre wurde kin en wat de kosten binne. Neist de grutte klok hinget der ek noch in lytse dy't no tydlik de taken fan de grutte oernimt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)