Gjin grutte bands op Wâldrock

22 feb 2007 - 09:51
  • Soulfly wie der yn 2006

It Wâldrockfestival yn Burgum hat dit jier gjin grutte bands op it program. De organisaasje kiest diskear foar in breder program. Dêryn is romte foar bands fan namme, mar ek foar begjinnende bands. Der moatte dit jier fyftjin bands komme. Dy soenen 6000 of 7000 besikers lûke moatte. Ofhinklik fan dat tal wurdt besjoen oft takom jier wol wer in grutte namme op it program moat. Wâldrock is dit jier op 7 juny.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)