Gjin grut ûndersyk nei putten

16 mrt 2010 - 20:30

Rykswettersteat sil net fierder ûndersyk dwaan om te sjen oft der mear putten binne yn de dunen by Hollum op It Amelân. De ynstânsje giet út fan in ynsidint en seit oer gegevens te beskikken dêr't se út opmeitsje kinne dat der net mear putten binne.

Boargemaster Albert de Hoop fan de gemeente die in oprop oan Rykswettersteat foar in grut ûndersyk. Ofrûne sneon foel in famke fan acht jier yn in fiif meter djippe put.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)