Gjin grut jubileumfeest spoar

20 aug 2013 - 20:23

Der komt gjin grut feest op de 150ste jierdei fan de âlderearste spoarline fan it Noarden fan Nederlân. It giet om it trajekt Ljouwert-Harns, dat op 20 oktober 1863 troch kening Willem lll iepene waard. It spoar wie wichtich foar de ûntwikkeling fan de stêden en de streek, mar animo om der in grut jubileumfeest fan te meitsjen is der net. Op museum It Hannemahûs yn Harns nei, is der gjin ynteresse by Ljouwert, Menameradiel, Frjentsjer, de provinsje en oare ynstellings en bedriuwen om wat te organisearjen.

Der binne wol inkele treinleafhawwers dy't yn gearwurking mei it Hannemahûs besykje sille âld materieel nei Harns te heljen. Der is al in histoaryske trein, in Blauwe Engel, besteld dy't op 20 oktober tusken Harns en Ljouwert ride sil.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)