Gjin grûn foar glêstúnbou

21 jan 2004 - 00:00

Menameradiel wol gjin grûn ôfstean foar glêstúnbou. De provinsje hie om fyftich bunder frege om sa op koarte termyn al te begjinnen mei de oanlis fan in kassekompleks. De gemeente wol dat op dit momint net om't se leaver oer in pear jier sa'n gebiet oanleit.

De provinsje wol yn it Noardwesten fan Fryslân 450 bunder glêstúnbou fêstigje. Neist dat der ferlet is fan nij glêstúnbougebiet, soe de oanlis derfan ek in soad nije wurkgelegenheid opsmite.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)