Gjin grien ljocht Promenade

05 mrt 2014 - 07:37
  • Sa moast de promenade der út komme te sjen

De gemeenteried fan Skiermûntseach hat tiisdeitejûn gjin grien ljocht jûn foar de bou fan De Promenade. It beslút foar de bou fan it nije besikerssintrum wurdt op 'e nij útsteld. De opposysje joech oan dat se it risiko fan de finansjele garantstelling te grut fynt.

Boargemaster Sjon Stellinga sil kontakt opnimme mei Natuurmonumenten as mooglike finansjele partner yn it plan. Nei de gemeenteriedsferkiezings sil der yn april op 'e nij in beslút naam wurde.

De Promenade moat ûnderdak jaan oan acht ynstansjes wêrunder ferskate ferienings, it doarpshûs en de biblioteek.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)