Gjin Gouden Skoech foar Alves

27 maaie 2007 - 17:34
  • Alves: krekt net (foto Martin de Jong)

Hearrenfeanspiler Afonso Alves grypt dit seizoen neist de Gouden Skoech foar topskoarder fan Europa. Syn konkurrint Francesco Totti út Italië skoarde snein yn de lêste kompetysjeronde twa kear foar syn klup AS Roma en komt dêrmei op 26 goals.

Omdat elke treffer yn de Italiaanske kompetysje foar twa telt, komt Totti op 52 punten. Afonso Alves skoarde 34, mar omdat ien goal yn de Nederlân mar oardel punt krijt, hat Alves 51 punten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)