Gjin goed begjin foar De Vries

28 apr 2012 - 13:58

Op de earste dei fan de Europa Cup skeelerjen yn it Dútske Gross Gerau hat Elma de Vries oarspronklik fan De Haule freed gjin top 10 tiid del sette kinnen. De Vries kaam op de 300 meter net fierder as in 41e plak.

De winneres fan 2011 seach har ploechgenoaten Bianca Roosenboom en Manon Kamminga, beide wenjend op It Hearrenfean, wol in top 10 klassearing beheljen. Roosenboom einige op it 7e plak, Kamminga waard 10e.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)