Gjin glêdmelding op It Amelân

01 des 2009 - 14:37

It Amelân krijt net in glêdens-meldsysteem dat warskôget foar glêde diken. De gemeente hat ûndersyk dien nei sa'n systeem nei oanlieding fan in slim ûngelok op it eilân ferline jier. Op guon plakken op it eilân wurdt it gau glêd, bygelyks op de dyk tusken Ballum en Nes.

It meldsysteem mjit allerhande gegevens en jout oan as de krityske temperatuer berikt wurdt. In mearderheid fan de ried fynt it systeem fan goed 32.000 euro te djoer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)