Gjin gemeentlike himptylt

04 sep 2014 - 17:33
  • Minister Ivo Opstelten fan justysje

Minister fan justysje Opstelten jout gjin grien ljocht foar in eksperimint mei reguliere himptylt. Ferskate gemeenten, wêrûnder Ljouwert en Smellingerlân, woene graach sa'n proef útfiere. Neffens dizze gemeenten wurket it hjoeddeiske gedoochbelied net. De gemeenten wolle de softdrugs sels kontrolearje kinne en de tylt ek út it kriminele sirkwy helje.

Mar Opstelten is en bliuwt tsjin. Himptylt regelje is boppedat yn striid mei ferskate ynternasjonale ferdraggen, sa hat hy de Earste Keamer witte litten.

Boargemaster Crone fan Ljouwert reagearret mei teloarstelling op it beslút fan Opstelten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)