Gjin gemeentejild Fryslânplein

09 sep 2013 - 11:52
  • Website Boot Düsseldorf

Fúzjegemeente De Fryske Marren jout gjin finansjele bydrage foar it Fryslânplein op de beurs Boot Düsseldorf. In groep rekreaasje-ûndernimmers hie dêrom frege, want sy jouwe sels ek jild.

De gemeente wol net meibetelje, omdat it de fraach is oft op de Dútske beurs wol minsken komme dy't plannen hawwe in besite te bringen oan de gemeente. Boppedat is de provinsje ek dwaande mei in oerkoepeljende promoasje-organisaasje. De Fryske Marren hat sels plannen om yn 'e mande mei Súdwest-Fryslân it Fryske marregebiet bekender te meitsjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)