Gjin geit op toaniel Lawei

15 des 2009 - 18:22

Yn de krystfoarstelling fan De Lawei spilet gjin geit mei, sa as earder betocht. Yn de skouboarch wurdt mei de krystdagen de foarstelling Mariken opfierd, mei yn in byrol in wite geit. Dy geit komt fan de bernebuorkerij de Naturij en is drachtich.

Fanwege de ûntwikkelingen rûnom de Q-koarts hat De Lawei besletten de rol fan de geit te skrassen. It reële gefaar op besmetting is net grut, mar foar de wissichheid mei de geit net meidwaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)