'Gjin gefaar munysjestoart'

21 jan 2014 - 18:41

It munysjestoart dat ûnder de Engelsmanplaat yn de Waadsee leit, jout gjin gefaar. Dat seit it Ministearje fan Definsje yn reaksje op fragen fan de Twadde Keamerfraksje fan de SP.

De 500 ton net ûntplofte Dútske granaten lizze ûnder in laach sân fan 10 meter en dy wurdt neffens it ministearje om de seis jier metten. By de lêste mjitting fan Rykswettersteat, yn 2012, wie alles yn oarder. It ministearje giet derfan út dat der gjin munysje oanspiele sil op it strân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)