Gjin gefaar foar omjouwing NNT

15 jul 2011 - 10:58

It terrein fan de Noord Nederlandse Tankopslag yn Snits is feilich. Dat seit de direkteur fan UCON, dêr't it bedriuw ûnder falt. Ek de omjouwing rint gjin gefaar. De kritiek fan Atsma is neffens him in papieren kwestje.

De feilichheidsprosedueres binne mei de miljeu-advystsjinst en brânwacht ta stân kaam, mar steane net goed op papier. Dat komt om't soks te djoer is foar in bedriuw mei mar ien meiwurker. As de saak net op oarder is, ferliest NNT de fergunning.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)