Gjin gaslek mear yn Wolvegea

21 nov 2004 - 15:39

Sa'n fjirtich bewenners fan yn totaal tolve huzen yn de Hoofdstraat-West yn Wolvegea moasten sneintemoarn har hûs út fanwege in gaslek yn de buert. Meiwurkers fan gasleveransier Essent ha it lek yn de lieding úteinlik tichtmakke.

Plysje en brânwacht wiene paraat om assistinsje te ferlienen. It lek ûntstie moarns om sân oere hinne, doe't ferskate bewenners in grutte knal hearden. De oarsaak is noch net bekend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)