Gjin fytsstrook brêge Stiensgea

21 apr 2006 - 10:03

Der komt definityf gjin aparte fytsstrook op de brêge Blauforlaet ûnder Stiensgea. De gemeenteried fan Achtkarspelen gie tongersdeitejûn akkoart mei it plan om fytsers en lânbouferkear yn de takomst gebrûk meitsje te litten fan deselde rydbaan.

In tal maatregels, wêrûnder ferkearsljochten moatte foarkomme dat beide groepen tagelyk op de brêge wêze kinne. In útbou foar fytsers op de brêge kin net, seit de provinsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)