Gjin fytspaad Grou-Warten

13 nov 2008 - 11:03
  • De gefaarlike dyk troch it Leechlân

Tusken Grou en Warten komt foarearst gjin fytspaad. De FNP woe dat de provinsje it fytspaad foarfinansierde, mar krige dêrfoar gjin stipe fan de Steaten. De mearderheid fynt dat de provinsje net op de stoel sitten gean moat fan de gemeente Boarnsterhim.

Boarnsterhim hat finansjele problemen. Dy moatte earst oplost wurde foardat de provinsje neitinke wol oer foarfinansiering. De Steaten binne foaral benaud dat se it jild net werom krije.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)