Gjin fúzje Nicator-Read Giel

12 sep 2008 - 11:49

Fuotbalklubs Nicator en Read Giel út Ljouwert sille net fusearje. De twa klubs wurkje op dit stuit wol gear, mar de leden fan Nicator hawwe oanjûn dat se gjin fúzje wolle.

It tal leden fan Nicator rint de lêste tiid bot werom en dêrom wurde al jeugdspilers ûnderbrocht by Read Giel. Neffens Nicator wurde dizze bern net goed opfongen by Read Giel troch de oare spilers en de âlden fan dy bern. Neffens Read Giel giet it om in yndividueel gefal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)