Gjin fúzje Blau-Wyt en Sweltsjes

22 des 2003 - 00:00

Der komt dochs gjin fúzje tusken de Ljouwerter fuotbalklups Blau-Wyt '34 en de Ljouwerter Sweltsjes. De siktarissen fan 'e twa klups hawwe de leden moandei witte litten dat it ûndersyk nei de helberens fan 'e fúzje stilset is.

De nije feriening soe op syn meast seis fjilden krije kinne fan 'e gemeente. Neffens de ûndersikers hat de fúzjeklub op syn minst sân fjilden nedich, wêrfan trije mei keunstgers. De klups fine dat de gemeente ûnfoldwaande meiwurket.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)