Gjin fûns slachtoffers pealrot

25 jun 2009 - 07:03

Der komt foarearst gjin fûns foar de slachtoffers fan pealrot yn it Feangreidegebiet. In útstel dêroer fan de steatefraksje fan de FNP krige net genôch stipe. De partij woe goed twa miljoen euro yn it jier beskikber stelle. Deputearre steaten fine sa'n fûns lykwols oerstallig om't sy net fine dat se ferantwurdlik binne foar de skea. It betsjut net dat der neat dien wurdt. De provinsje wurket oan plannen foar kompensaasje foar de slachtoffers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)