Gjin Fryske winners op NK judo

20 feb 2005 - 15:22

Der wiene gjin medaljes foar de Fryske judoka's op it NK sneon. Dat NK, foar judoka's oant tweintich jier, waard hâlden yn Nijmegen. De Fryske judoka's, wêrûnder de favoryt foar de titel oant 48 kilo, Jennifer Wichers fan Burgum, kamen net fierder as in fyfde plak.

Ek de manlju moasten it dwaan mei heechút in fyfde plak. Dêrby siet ûnder oare favoryt foar in plakje yn de klasse oant 81 kilo, Seije Gorter fan De Westerein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)