Gjin Fryske winners by earste maraton op natueriis

19 jan 2016 - 22:09

De earste maraton op natoeriis hat tiisdei gjin Fryske winner opsmiten. By de manlju waard Gary Hekman fan Gramsbergen de winner. Irene Schouten fan Andijk luts by de froulju oan it langste ein.

De maraton op natoeriis waard ferriden yn Haaksbergen. Dat plak krige de foarkar boppe Noordlaren yn Grinslân. Op it Haaksbergske natoeriis einige Elma de Vries fan De Haule as twadde. Se koe net foarkomme dat Schouten, útkommend foar de Clafis-ploech fan coach Jillert Anema, yn 'e sprint de rapste wie.

By de manlju waard it úteinlik ek in sprint, wêryn't Hekman de nûmers twa Simon Schouten en trije Bart Swings te rap ôf wie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)