Gjin Fryske rigen foar iPhone

26 sep 2014 - 16:41
  • De iPhone 6

Dêr't yn it bûtenlân lange rigen foar de Apple-winkels stienen foar de nije iPhone 6, foel dat yn Ljouwert bot ta. De nijste smartphone fan Apple is sûnt freed yn Nederlân te keap. Wrâldwiid is de nije tillefoan al in grutte hit. Yn de earste wiken bin der goed 10 miljoen eksimplaren ferkocht.

Yn Fryslân hawwe de measte minsken it tastel yn de foarferkeap besteld. Sneon kinne se dy ophelje by it iCentre yn Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)