Gjin Frysk yn Drachtster krante

29 jan 2006 - 16:07

Stikken yn it Frysk binne net langer wolkom yn de Pluskrant, de âldereinside fan 'e Drachtster Krante. De redaksje wol de krante tagonkliker meitsje foar in grutter publyk. De Fryske taal soe dêr neffens harren net yn passe.

Op dit stuit is 30 persint fan 'e ferhalen yn 'e Pluskrant yn it Frysk. Fan nije wike ôf soe dat net mear meie. De Pluskrant-redaksje is poerrazend oer de maatregel en sil protest oantekenje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)