Gjin Frysk sukses yn Morizes

06 sep 2009 - 14:54
  • Theo Pijper

Der wie sneon yn it Frânske Morizes gjin Frysk sukses op it WK langbaan. Allinnich Theo Pijper, oarspronklik fan Rinsumageast, helle de A-finale, mar waard hjiryn sechsde en lêste.

In nije ûndergrûn op de baan yn Morizes wie spikerhurd, in situaasje dy't de Fryske dielnimmers net sa goed foldie. Glenn Phillips út Ingelân wûn de wedstriid. Dútser Gerd Riss waard sneon al wrâldkampioen, mei noch ien wedstriid te gean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)