Gjin Frisse Wind mear yn Harns

29 apr 2013 - 21:34
  • De gemeenteried fan Harns

De namme Frisse Wind Harlingen ferdwynt mooglik by de folgjende ferkiezings. It bestjoer fan de partij wit noch net oft se by de gemeenteriedsferkiezings ûnder dy namme meidwaan wolle. De namme Frisse Wind ropt neffens foarsitter Van der Plas mingde gefoelens op. De riedsleden dy't yn 2010 keazen binne, litte it ôfwitte en komme net mear by de riedsgearkomsten. De trije hawwe it partijlidmaatskip opsein.

Nei it referindum fan 19 juny oer de selsstannichheid fan Harns beslút it bestjoer oft de partij fierder giet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)