Gjin frije troulokaasjes

27 okt 2004 - 11:05

In famyljelid as trou-amtner foar ien dei? It Kolleezje fan Ljouwert wol it net. Neffens wethâlder Thom van Mourik binne der genôch kapabele trou-amtners by de gemeente. Ek yn it frijlitten fan troulokaasjes hat it kolleezje gjin nocht. Koartlyn is it tal lokaasjes dêr't troud wurde mei al útwreide.

De foarstellen kamen fan de VVD-fraksje yn de gemeenteried. It foarstel wurdt ynkoarten noch wol yn de gemeenteried besprutsen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)