Gjin frijbrief foar melkfeehâlders

06 nov 2014 - 21:06
  • Kij yn 'e greide

De melkfeehâlderij krijt fan steatssiktaris Dijksma dochs net de romte om út te groeien ta yndustriële proporsjes. Sawol fanút de sektor sels as fanút de Twadde Keamer kaam der krityk op in earder wetsfoarstel dat de groei fan de melkfeehâlderij net oan grinzen bynt. It gie dêrby foaral om de dong dy't ekstra produsearre wurdt. Deputearre Kramer hat hjiroer yn Den Haach ek ynsprutsen.

Dijksma hat no besletten dat de relaasje tusken hoefolle dong der produsearre wurdt en hoefolle lân in boer hat, bliuwt. De provinsje is hjir bliid mei.

Wol moat der goed om tocht wurde hoe't de nije wet yn de praktyk útwurke wurdt. De groei fan de melkfeehâlderij hat alles te krijen mei it ôfskaffen fan it molkkwotum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)