Gjin Frico-resttsiis nei Aware

05 apr 2013 - 12:25

Suvelkonsern FrieslandCampina lit resttsiis op termyn net mear ferwurkje troch konkurrint A-ware. It giet neffens FrieslandCampina om in strategyske kar. Resttsiis bliuwt oer nei bygelyks it snijen fan tsiis en wurdt ûnder oare ferwurke ta raande tsiis en raspe tsiis.

FrieslandCampina sil de ferwurking tenei foar in part sels dwaan en ek útbesteegje oan oare bedriuwen. Oft de kar makke is út konkurrinsje-eachpunt wol FrieslandCampina net sizze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)