Gjin frachtauto's Tsjummearum

15 sep 2014 - 14:09
  • Tsjummearum

Frachtauto's fan mear as 24 meter lang hawwe gjin tastimming fan de provinsje om troch Tsjummearum te riden. Pleatslik Belang fan it doarp makket him soargen oer it frachtferkear dat fan en nei it patatfabryk yn Easterbierrum moat en dan troch Tsjummearum komt.

Neffens nije lanlike regels meie lange frachtweinen de lêste 5 kilometer fan har rûte sels kieze, wêr't se del ride. Mar dan hawwe se wol tastimming nedich fan de dykbehearder. De provinsje Fryslân lit witte dat de dyk yn Tsjummearum net frijjûn is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)